De greide hie syn tiid wol hân
en liet de keppel skiep ferdriuwe
foar asyl yn ’t bûtenlân,
neat soe itselde bliuwe.
De meunsters frieten al it grien,
wat oerbleau wie allinnich modder
foar wat oars? Dat wist mar ien:
de skepper of de bodder.
De skepper skoep út neat gebiet
sa’t yn it oerbegjin de ierde
boppekaam út wat wie wiet
om wenplak oan te bieden.
Mar sjoch, it barde krekt oarsom:
it wetter streamde oer de ierde.
Wie it goed of earder stom?
It wie om nei te rieden.
De dagen nei de wetterfloed
kaam yn dat gea it hôf fan Eden
foar it fûgelguod, foargoed,
de skepper wie tefreden.
|