De stêd sjocht har net sitten
yn de drokte fan de iere moarn,
elk giet it flakke paad
fan op deselde toan
as juster… soest it hjoed mar litte.
De skûtsjes, dy’t noch lizze
yn de wintersliep, ha ’t ek net sjoen;
nei boppen is gjin paad,
want beide binne bûn
oan touwen, hawwe neat te sizzen.
De Kolk is hjoed de spegel
foar de gevels om harsels te sjen,
wat leit yn ’t âlde aard;
oar oansjen giet ferlern,
de flakte is de fêste regel.
Mar op ‘e fleugel boppe
sitte dreamers fan de iere moarn,
wat leit yn ’t dowe-aard,
prinshearlik op ‘e troan
begjint al gau it koerend roppen.
|