Tink net te lyts oer it Lytssân,
it folk hat dêr grutsk wenne
mei it sicht op grûn en grêft;
it wie in wrâlddiel, krekt te pas
foar holle, hertslach, foet en hân,
in libben út op eigen krêft
en nei de dea waard der wer berne.
Sjoch hoe’t it hout de hûd ferliest
troch waar en wyn, it lijen
freget om in sêfte dea,
mar nee, dat stjerren jout gjin pas,
want ’t is de skiednis dy’t ferwiist
nei trochgong, dat de âlde lea
har yn de itenstiid fernije.
Wit dat de takomst iepen leit
foar holle, hert en hannen
om mei ’t lytse grut te dwaan,
want tapas komt hiel Snits fan pas;
sa wint it nije grif it pleit
nei’t it ferline joech rom baan
oan it Lytssân mei grutte plannen.
|