fan William Turner*
Fjouwer pleagen hiene west:
de reade Nyl as streamend bloed,
de sprong fan kikkerts nei de kiel,
langskonk-ynsekten as in floed
en brimzen yn it waarme miel,
mar farao fûn dat wol bêst.
Mozes gie doe nei ’t paleis
mei ’t swarte boadskip fan pleach fiif
dy’t griep de bisten by de kiel,
mar ’t kaam de stiifkop net oan ’t liif,
hy sette him oan ’t waarme miel
mei lapen poerbêst hynstefleis.
Wolken wâlen oer it gea
en fierden oan de bistepest
dy’t griep de dieren by de kiel,
mar ’t fegetarysk miel wie bêst
genôch foar farao, syn siel
wie sletten foar de massadea.
Farao hat fierder teld,
oant njoggen earst, doe kaam de nacht
en eangstich waard syn stive siel
dy’t sloech op eigen rûnte acht,
it needlot waard by tsien syn diel:
‘Jo soan is dea,’ sa waard him meld.
* William Turner (1775-1851)
skildere ‘De fiifde pleach fan Egypte’
yn in heroysk lânskip,
ien fan de skaaimerken fan de Romantyk.
|