Noch rinne sy oer ’t wetter,
tusken kryst en âld en nij,
presintsjes yn de slide,
hoewol’t it bern is al foarby.
Sy witte al net better
dat it feest glydt wiken troch
en glydt it net, dan ride,
it kin yn jannewaarje noch.
En wurdt it al wat letter,
dan giet út it kleure ljocht,
it waar wurdt sêft as side,
de bisten hawwe skjin har nocht.
Hy stiet hjoed noch allinne
nei de flecht mei Brún syn bear,
de kjeld krûpt nei de holle,
syn beide hannen dogge sear.
Hy hat in wrâld te winnen,
mar sjocht skrillich achterom,
hy soe graach fierder wolle,
miskien ropt ien wol: ‘Mirza, kom!’
Foto yn in folder fan ‘Stichting Vluchteling’
|