Noch ien kear sil it heve,
want de situaasje is dernei,
wa wit, wol hy wol faker,
it skip leit him net yn de wei
en as it moat kin hy ek reve.
Hy wurdt fansels wol âlder,
mar it aakje wint fan him fierwei,
earst foar ’t fiskjen makke
en doe’t it te ferrotsjen lei,
kaam hy foar ’t ljocht as de behâlder.
It aakje soe sa bliuwe
as de fisker eartiids dermei foer,
hy moast him wol ferpakke
yn ’t stoart, oars wie it farren oer
en soe allinnich ’t rûnhout driuwe.
It sil hjoed wer ris heve,
net allinnich, mar mei in freondin,
ast oan himsels leit faker,
dan hawwe aak en skipper sin
oan farren, wurdt it silen sweven.
|