Gjin stopljocht kin him keare, 
want it hertsein stiet op read, 
dat wachtsjen liedt ta neat 
oars as de dea de eare. 
Gjin wjukslach is tefolle 
of te min, sa is syn styl, 
de hertslach is stabyl, 
de druk is fan de holle. 
Ien wjukslach wie tefolle 
foar de flecht sa ticht by ’t rút, 
doe wie syn jubel út 
dy’t troch de maitiid rôle. 
De blommen ha him eare 
foar ’t opteine libbenssein; 
by sinnich waar of rein, 
hy wie mar net te kearen. 
 
  |