Sân wiken hat er foar ’t museum lein
as wied er foar de stedsgrêft makke,
âlde tiden ha har sechje sein:
de beurtboat tusken hege dakken.
Ald Fryslân glimt fan kop oant achterdek,
lit sjen de glâns fan de histoarje;
rekke yn de grêft in skipke lek,
dan lei soks oan de âlde gloarje.
De âlde gloarje leit ek op ‘e wâl,
men sjocht de tastân al fan fierren,
fan elk stânpunt wiist it mâl…
in kwestje fan hoefolle jierren?
Sa’t hy dêr leit, leit net oan it model,
want dat is skerp en sierlik makke,
mar it skip is hjoed net mear yn tel…
is ’t dêrom foar ’t museum sakke?
|