Gjin latte kin him keare
as de guozzeflecht komt oer
it jonge grien fan landerijen,
net losskuord noch ta foer,
hy wol himsels befrije.
Hy wol it streamen fiele
om de hûd en troch it hier,
it bloed fan ’t hert nei alle ieren,
want hjoed wurdt libjend wier:
hy sil it springen fiere.
Gjin loftstreek kin har keare
om’t de flecht de rûte ken
nei ’t jonge grien fan landerijen,
massaal giet dat ferlern,
’t komt del op wer it nije.
|