fan Rembrandt*
Sels in ezel sprekt soms wiere wurden
as er op it paad in wêzen sjocht
dat mei in brede wjukslach fljocht,
it minskehert is faak ferhurde.
‘Ezel bin ik al jo libbensdagen,
wêrom krij ik hjoed dan op ‘e hûd?’
Doe seach syn baas de ingelgloed,
it swurd wie ’t antwurd op syn fragen.
Fragen wiene ek út Moäb kommen,
út it hert fan Balak, deabenaud
foar ’t swalkersfolk, lang net fertroud:
‘Profeet, wolsto dy troep ferdomme?’
Mar profeten sprekke wiere wurden
as de Iene harren wegen wiist,
oars reitsje sy yn ’t net fertiisd
fan keningen, yn striid ferhurde.
Bileäm liet wiere wurden streame
oer it folk, de stjer út Jakob wei,
dy’t seit: sjedêr de nije dei,
’t beloofde lân riist op út dreamen.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De ezel fan Bileäm’
|