Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iepen keunstwurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In fingerwizing tsjin de blauwe loft:
wol sjen nei libbensrin
en sa’t ik no noch bin,
lit my hjir stean foar ’t lêste skoft.

It wurke goed, it gie foar wis omheech
en op ‘e breedte ta,
it libben woe ’t sa ha,
mar oan de ein ferrûn it dreech.

De bêste maat waard doe de bûnte spjocht,
dy’t hakke nei syn aard
en sette op ‘e kaart
wêr’t libbensnocht al lang om socht.

In iepen keunstwurk tsjin de blauwe loft:
wol sjen nei de struktuer
en kleur fan de natuer,
de keunstner wurke hjir in skoft.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum