fan Willem Maris*
De wei wie lang, de ein fan wei,
rûn foar ’t gefoel fier oer de kym,
in streekje yn ’t ûneinich platte lân,
prozaysk mei de beammen wol op rym,
it wie yn ’t lêste fan de dei.
De dei rûn skier oer yn de jûn
mei ’t sinnegiel noch oan de kym,
in brede streek as lôge op in brân,
mar mear nei foaren wie it wat gegriem
fan modder op ‘e kâlde grûn.
Sy is in streekje fertikaal
en libbet tusken wyt en swart,
rint mei har beide geiten oan de hân
foarby de bocht, dêr’t sy it nachtstee hat
en dreamt har eigen sljocht ferhaal.
* Willem Maris (1844-1910)
krige syn oplieding by syn broers
Jacob en Matthijs.
Sy wiene skilders fan de Haachske
skoalle: in realistyske werjefte
fan lânskippen mei ympressionistyske
oansetten. |