It hat net wêze mochten, 
al wie ’t mar foar de helte 
mei allinnich snie 
lykas in peal dy’t stiet 
ferdûbeld troch it wiet, 
de boaten yn de wintersliep 
en fierderop de skiep, 
dêrachter klear de kym, 
in wite tiid op rym. 
It wie oars neat as dize, 
totaal in lytse ierde, 
alles yn swart-wyt, 
de peallen en de roef, 
o ja, ek noch it griis 
fan wetter, beammen en de pleats, 
de polderdyk rûn dea, 
gjin rym op hoarizon, 
de tiid rûn inkeld troch. 
 
  |