It barde by noch wifkjend ljocht
dat wolken reek it swurk besetten,
ik seach it yn de moarntiid oan,
it wie de gloede dy’t my brocht
ta flink de stap deryn te setten.
Ik rûn nei ’t sintrum fan de stêd
en wifke tusken toer en poarte,
seach út ‘e fierte beide oan,
se wonken, want it moast wol rêd
as fjoer en reek tegearre boarten.
Ik waard it krekte plak gewaar,
it wie it lege brêgehokje
dêr’t reek útsloech, ik seach it oan
en wifke, wie der wol gefaar
of woe ien hiel wat oars útlokje?
Mar brân of grap, gjin sprake fan,
it wetter spuite troch de serviceman.
|