|   It wie in hjerstmoarn en noch tsjuster,mar gewoante brocht my op ‘en paad
 troch ’t lânskip fan de Grienedyk,
 in healjier lang myn hege maat,
 dy’t klonk: ‘Do rekkest my net bjuster.’
 ’t Wie wier, ik stapte troch de bochtenmei it each op ’t easten, dêr’t de kym
 al kleure oan it bloed allyk,
 it wie as in gedicht op rym,
 dat klonk: ‘Wat sjochst tsjin al dy ljochten?’
 It Galgelân lei yn de fierteas sinister oard foar moardners lot,
 lang swaaide op ‘e wyn syn lyk,
 ik seach lykwols tsjin ’t ljocht net wat
 doe klonk: ‘Lit hjoed de galge sjitte.’
 ’t Wie wier, ik moast net nei ’t ferline,mar it sykje yn de fauna, want
 soks paste by de Grienedyk,
 ynienen seach ‘k in oaljefant,
 dy’t klonk: ‘Sels hjir kinsto my fine.’
 
 |