Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tekenseal fan Felix Meritis*

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaan de Lelie**

Image

Wa hie gjin bylden fan de tekenseal
yn ’t hûs fan ‘Lokkich troch Fertsjinste’
dêr’t it kulturele folk fan Amsterdam
kaam foar de keunsten en de winsten?

Sjedêr de keapman skôgjend doek en print,
dy’t freget: ‘Wat wurdt myn fertsjinste?’
Saaklik sjocht er ’t keunststik oan, net op in sint,
op keunstgebiet is hy de minste.

Sjedêr de samler skôgjend print en doek,
dy’t ynfloed ha op djippe tinzen,
saaklik skriuwt er alle stikken yn syn boek,
it keunstbehâld is syn fertsjinste.

Sjedêr de keunstner mei syn rûn palet,
yn ’t bûnte selskip net de minste,
realistysk hat er earste streken set
noch sûnder each foar syn fertsjinste.

Wa’t lykwols sit as byld sa glêd en eal,
in Grykske god mei hege tinzen,
is de jonge Felix, soan fan Amsterdam,
dy’t lokkich is troch syn fertsjinste.

* Lokkich troch Fertsjinste

** Adriaan de Lelie (1755-1820)
lei him foaral ta op it skilderjen
fan portretten.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum