fan Jan de Bray*
Wat se diene, moast it minskdom sjen,
sa woene Haarlemsk weesreginten
op it skilderij mei alle bern,
dan seach men net op dy pear sinten.
Sjoch ris, famke, hoe’t it himelsk ljocht
beskynt dy’t hjirre stean of sitte,
‘k ha in folle koer mei bôle kocht,
de linkerhân sil it net witte.
Sis ris, jonkje, hast gjin kreaze klean,
myn rjochterhân wiist nei de Heare,
want wa’t wurket, kriget rynsk syn lean,
sa silst fan ús de wierheid leare.
Moai sa, faam, do witst wol hoe’t it heart,
op knibbels, mar no net sa smachtsje,
lytse swolchjes, oars bist samar sêd
en tankje God, want Him moatst achtsje.
Sa, de bút is binnen, giest no mei?
Ik ha in hekel oan dat loeren;
strûp fluch oan dy broek en dan hjirwei,
op strjitte kinne wy ouhoere.
* Jan de Bray (sirka 1627-1697)
wie in skilder út Haarlem
dy’t betûft wie yn it meitsjen
fan portretten. |