It koe net oars, it moast der wol fan komme,
’t stedsje Snits wie fierste lyts,
twa doarpen wiene anneksearre,
mar noch altyd koe men ’t rêde op ‘e fyts,
dus waard it eachweid fan de stêd ferromme.
It earste wurd wie oan de pommeranten
mei it sicht op daliks grut,
’t idee feroare yn fiksaasje:
lit ús traapje de Mercedes op ‘e sturt,
dan jeie wy út Snits nei alle kanten.
It wurd waard wet, men koe der net omhinne,
streekrjocht gie it derop ta:
ferkiezings as ferdivedaasje,
yn it sirkus woe Snits eigen clowns earst ha,
dy soene grif de measte byfal winne.
It moat net oars, want lit ús earst ris telle:
mei seis stêden fierwei ien
en tachtich doarpen, heech wurdearre,
hat it stedsje Snits it wolris minder dien,
dat rûnom sille se it nijs fertelle:
Seisstêden, sa sil ús gemeente hjitte,
dat sil hiel de wrâld nea wer ferjitte. |