’t Stiet oan de râne fan de mar,
it keunstwurk hielendal fan stiel,
fan heech nei leech en wer werom,
fan rjocht nei rûn en justjes krom,
gjin streek is yn de war,
mar ’t hat gjin siel.
It draait stielhurd de hichte yn
en hat hâldfêst oan ’t felle giel,
dat efkes komt men yn de waan
fan kleur, mar ’t is gjin Mondriaan,
it fluitet yn de wyn,
mar ’t hat gjin siel.
Mar boppe is ’t net sa kompleks
as ûnder by it breedste diel,
it jout foar each en tins hâldfêst
en ek foar tûken fan in nêst,
hjir wie fan ’t maitiid seks
mei hert en siel.
|