Ut it skûtsje-argyf 1968
Terherne, op ‘e twadde dei
doe’t út ‘e stilte wei de wyn
de geast joech oan de skippers,
harkjend nei wat achter lei,
’t ferline hong der wer ris yn.
It bealgjen siet har yn it bloed
dy’t spieren fiede mei de krêft
fan withoefaak de skoaten
skuorre troch it blok, gjin noed
oer blierren, hannen oan it hêft.
Wat soe de wite do, It Fean,
mei ’t sierlik wjukjen yn ’t geweld
fan ’t fleanend starten, fierder
brûzjend tusken rjocht en skean,
it is de flugge flecht dy’t telt.
De brune rôver kaam him nei
op wjukken lykas fan in falk,
de snaffel fier nei foaren,
mar de do gie skerp syn wei
en fleach troch winners wolk. |