Tusken ieuwenâlde muorren,
heal ferskûle achter ’t jonge grien,
stekt heech de mêst de fleugel op
yn konkurrinsje mei twa tuorren.
Langstme nei it wide wetter
waard betwongen, hy moast earst nei stien
en smelte, ’t heechhout foar de kop,
en dreamde oan de kaai oer letter.
Tusken ieuwenâlde muorren
hat er withoelang te dreamen stien
mei stive kop, de Levi’s slop:
hy seach him oan de skoaten skuorren.
|