Hy moast noch oan it libben wenne,
streamde oer fan enerzjy
dy’t rap in útwei hawwe moast
oer ’t paad nei dy-en-dy,
sa blafte Benne.
Dy deis woe hy de wrâld ferkenne,
by de wite muorren wei
nei… wat koe ’t skele, him gjin barst,
hy naam elk hoekje mei,
want sa wie Benne.
Hy wie gewoan as hûntsje berne,
mige, skite, ’t hearde sa,
en snipte út en troch in woarst;
it rûn op skiten ta,
want dat moast Benne.
Ynienen hearde hy ien rinnen
dy’t him rôp, net ûnbekend,
hy stie ferstive, want hy doarst
net nei dy lilke fint,
sa trille Benne.
Hy moast noch oan syn namme wenne
as de baas him rôp, mar ’t waard
no tiid, hy draafde sa’t it moast
as jonkje nei syn aard,
want sa wie Benne.
|