It wie de nacht fan ’t grutte ljocht,
de moanne dy’t him dûbeld jilde liet
en op in tûke sprong, dêr rêste,
doe syn strielen om de nuddels fljocht
en harke nei it katteliet:
‘Ik sjong in fers fan langstme en fertriet,
omdat gjin tûke my in sit mear biedt.’
It dage en de moarntiid bea
it maitiidslibben mei in skjinne loft
en op ‘e hege tûken krieën
yn har lêste frijgeselleskoft…
in krassend fers oer ’t griene gea:
‘Wy sjonge sa’t it yn de maitiid giet:
hormoanen jeie foar’t it wyfke briedt.’
De kat seach ’t krieëlibben oan
mei ’t rotgefoel sa tusken nacht en dei
en swart en wyt… wat is it bêste?
Op ‘e grûn in tûke as in troan,
mar ’t langstme bleau, dêr siet er mei.
|