Hoe kin âlde gloarje klomje,
fêstferzen yn de Houkesleat,
sa fier fan ’t earste domisily;
hoe binne âlde tiden keard,
elk lûd moat wol ferstomje.
De kape is mei plastic dutsen,
fêstferzen oan de kâlde roef,
dêr’t waarje noch de gysten geasten
fan earder, mar no stram en stoef,
op rustich izer brutsen.
Op ‘e skoarstien rêst in blikje,
fêstferzen want der is gjin fjoer
of lûd dat waarmet kâlde herten;
de gloarje is al jierren oer…
wa spilet noch in stikje?
Earder sylde noch de gloarje
fan Earnewâld, de Nijverheid,
as kampioen oer Fryske marren;
de winter wint lykwols it pleit…
hoe kin de tiid feroarje!
|