It wie safier,
de nacht hie ’t ryklik jûn,
de rider wie de wrâld te ryk,
mar hie syn wille grûn?
It like wier,
Hidaard wie wyt om ’t liif,
de rider socht syn grut gelyk,
de stoppels stiene stiif.
’t Wie mear as sier,
de fuorgen leine ticht;
de rider seach it as in blyk
fan fier is straks it sicht.
Gjin mins of dier
wie yn Hidaard te sjen;
de rider rûn rap oer de dyk
en tocht: it friest, dus ’t kin.
Hy wie net swier,
dy swarte kat op ’t iis;
de rider seach syn ûngelyk:
dertroch, it waar waard griis. |