De earste yndruk is: hjir heart er net,
in frachtskip oan de bûlevaar
mei faak de superfarelite,
flanearjend nei in fjouwerstjerrebar,
’t is oars, want Menno hat syn eigen wet.
Sappé, sa hjit er ek, rûnom bekend
yn Fryslân, master fan Langwar
syn haven, baas oer mâle fiten,
no skipper fan syn Boppeslach, de kar
om troch de tiid te farren yn syn went.
Syn leafde foar it âlde makke nij
yn Sina: ’t kasko fan sterk stiel
dat keal de heale wrâld oer weage;
yn Fryslân waard it skip in kreas gehiel,
in boppeslach fan fier fuort wurdt men frij.
Mar tichterby is ’t smûke fan de roef,
as bûten tjirgje waar en wyn,
dan is de nostalgy gjin leagen:
ferhalen fan in libbenlang al lyn,
dy’t skipper Menno út ‘e terp wei groef.
Op ’t lêst wol harkje noch nei dit ferhaal:
it tsjerkebankje yn de hut
mei nêst it mânske mes de Bibel,
want farrend bliuwt ek skerp it âlde Wurd,
in boppeslach op Boppeslach yn taal.
|