De earmen stekke noch omheech,
guon keal, al troffen troch de dea,
omdat de libbensstream gjin paad mear fynt,
de lêste wiken binne dreech,
reëel de flok, fergees de bea.
Dan komt de jûn, de nacht giet yn
mei ’t deadeliet fan blêd en wyn.
En as de moarn riist út it blau
mei fel oranje ûnder ’t giel,
it wolkom foar de sinne dy’t har bynt,
dan ljochtet wyt yn djippe rou,
memento mori foar de siel.
Sjedêr de dei, de moarntiidsbeam
riist op en fielt de libbensstream.
|