Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Farre litte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik rûn yn ’t drokste fan it jier,
de wike fan de silerij,
yn tinzen oer de promenade;
it sylfeest wie foar my net nij,
ik tocht: wat jout dan noch fertier?

Ynienen seach ik har foarop
it hurde stiel fan de Jorwan,
sa brún as kleare sûkelade,
fêstbûn lykas wie se fan
de spikerhurde misdietop.

Image

Ik hie te dwaan mei hoe’t sy siet
sa tusken spinreach en de fyts
en sûnder kuier op ‘e kade.
‘k Frege har: ‘Do bist noch lyts,
wa is ’t dy’t foar dit misfeit stiet?’

‘Gjinien,’ sei se, ‘hoe soe ’t, ik sit
hjir wrachtich wier net foar de sier,
mar sjoch sekuer nei oarmans paden,
libbensrin falt my net swier,
om’t ik it skip wol farre lit.’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum