fan Hugues Merle*
Wa koe Suzanne net,
de frou fan rike Joäkim!
Sy libbe neffens Mozes’ wet,
mei op it antlit faak in glim.
Yn hûs kaam mannich gast,
twa rjochters wiene der ek by,
mar rjocht sa’t dat yn ’t libben past,
naam elk fan har wat al te frij.
Se gluorken nei de frou
fan ’t hûs, elk op syn eigen tiid,
de eagen namen ’t net sa nau,
de driften giene oan de striid.
De grutte tún by ’t hûs
wie foar Suzanne ’t paradys,
in fleurich libben by de rûs,
mei rjocht en reden wie sy wiis.
De rjochters, hiel apart,
mar ’t moast sa wêze, tagelyk,
bejoegen harren ek op paad,
it paradysferhaal rûn bryk.
* Hugues Merle (1823-1881)
Skilderij ‘Suzanne yn bad’ |