fan Matthias Stomer*
Lit Tobias it mar fertelle
oer de reis mei ingel Rafael:
Wy kamen by rivier de Tigris,
fan in grouwe fisk waard ik dêr kjel,
dochs ha ‘k him út it wetter helle.
Myn reismaat woe, ik soe him iepen
meitsje, dat ik helle ’t grom derút:
de galle wie foar bline eagen,
mar wy ieten ’t brette fleis en kút
en leine al betiid te sliepen.
Doe’t wy op ús bestimming wiene,
kaam it praat op Sara, dochter fan
deselde stam, mei iepen eagen
fan fertriet om sân kear al in man…
hoe koe ’t dat sy gjin hertslach hiene?
Myn reismaat woe, ‘k soe mei har trouwe,
want mei my as achtste kaam ’t grif goed
mei troch it fiskhert en de lever,
dat ik siet om Sara net yn noed,
mei har koe ‘k oan de takomst bouwe.
* Matthias Stomer (sirka 1600-nei 1652)
Skilderij ‘Tobias en de ingel’ |