fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wêr fynt de minske noch ûntwyk
as buien see en mar opswypkje?
De skonken sakje yn it slyk,
tsjin swiere stoarm is net te dykjen.
De weagen slepe tsjalken mei
en klappe aken tsjin de kade,
it fiskerslibben eaget faai,
de skipper tinkt net mear oan laden.
It kolkjend wetter slacht deryn,
de bûthúsdoar koe it net hâlde,
it bern ferliest it fan de wyn,
de ko hat oeren winnend wâlde.
It lân feroaret yn in see,
de tuorren stekke der noch boppe,
de stêd biedt hjoed in feilich stee…
‘Kom op, dêrhinne!’ wurdt der roppen.
De Lemmer hat syn ‘Wyldeman’,
dy koe de wylde see net keare;
it folk, fan farren yn de ban,
boomt oer de dyk wylst buien beare.
* Yllustraasje ‘Gedenkstukje’
** Yllustraasje ‘De oerstreaming fan 1825 op De Lemmer’
|