Ut it skûtsje-argyf 2000
De ein wie lykas it begjin:
in lange sleep foar it publyk,
alhiel tsjin de tradysje;
fjirtjin reade flachjes as ludyk
protest, sa hie it dochs noch sin.
Gjin skot klonk oer de stille mar,
gjin suchtsje kaam yn ’t sloppe seil,
mar doe wie dêr dat wyske:
klanken holden ’t silersfeest op peil,
’t publyk wie lykwols yn de war.
De flachjes hiene wis wol sin:
as ôfskie fan in sjuerylid
wie ’t reade doekje hise,
wylst de iene nei de oare hit
oer ’t skipsdek klonk, in oar ferwin.
|