It is gjin yndianereservaat 
dêr’t attributen lizze 
foar de houliksseremoanje: 
fearren foar in fleanend aard 
en ek de reek hat wat te sizzen. 
  
It is by Iesicht oan de Wide Ie 
dêr’t squaws de tromme roere, 
roppend oan de ierdske krêften 
foar it breidspear goede rie 
yn ’t fleanen nei de lêste oere. 
Belibje net it lêste by ’t begjin, 
blaas mei de fredespipe 
wolken reek om op te driuwen, 
dream de dreamen oer de sin 
fan ’t fleanen, wês elkoar ta stipe. 
 
  |