Jasmine koe har draai net fine,
want sy hie it fierste drok
mei fûgels yn har tún yn Sina,
dy’t sy fuorre foar wat lok,
mar wjukken litte har net bine,
dêrom kaam sy op in oar idee:
yn plak fan fûgels minsken fuorje,
net yn Sina, mar yn Fryslân fier oer see.
Ien fûgel koe it paad wol fine
by it strân lâns mei wat lok:
har eigen strânljip liet him bine,
ek as ober yn har wok.
In Fryske strânljip koe ’t net litte,
om’t er sa nijsgjirrich wie,
woe hy fan ’t fuorjen alles witte,
mar wa holp him út ‘e rie?
De ober liet syn maat net sitte,
hy beweegde lykop mei de Fries,
sa waarden beide mei wat switten
troch it doarglês oer elkoars foeraazje wiis.
|