Se ha de jierren al trochstien,
noch altyd sit de groei deryn,
de stammen út ‘e sûne stam
mei tûken wiuwend op ‘e wyn,
eufoarysk libben út it sie ûntstien.
Sy binne foarme troch de brek
fan hege rotsen mei geweld,
de stiennen op it alderskerpst,
in byld dat faak foar ’t minskdom telt:
de punten dy’t it skeine troch de stek.
Se drage kroanen fan it grien
dat sjongt it liet de himel yn,
de goede tiding dy’t de skepping meldt.
Sy stekke flymjend út ‘e stien,
net fetber foar de geast fan wyn,
in byld dat oan de himel wetten stelt.
|