|   Gapjend fan de koarte nachtbeseach de reager ’t jachgebiet
 fan ’t eigen stammelibben út:
 gjin fiskje noege ta de died,
 der siet net oars op as de wacht.
 
 Wachtsjend mei de dolk foarút,dêrachter fel it giel fan ’t each,
 de hals in s fan sjit mar ta,
 de bûgde rêch as yn in weach,
 naam sy op ’t lêst in heech beslút.
 Fleane moast wol, mar net heech,de lege mage hold dat tsjin
 op flecht nei har toiletgebiet,
 sa hie de moarntiid dochs noch sin,
 al wie it lykwicht hâlden dreech.
 
 ’t Lykwicht tusken hap en knapbeseach de reager relatyf
 yn ’t ljocht fan ’t eigen spegelbyld,
 want wetten hiene neat om ’t liif,
 it wetter bea dy oan as grap.
 
 |