Hy libbet, mar stiet stil en fêst
op ’t djippe woartelfûnemint
en spriedt syn earmen;
dit bestean foldocht him bêst,
hy sjocht op ûnder altyd del.
Hy harket nei gjin argumint
en moat it fan it foarbyld ha,
memento mori:
deaden reitsje út har fel,
mar dêr is hy noch net oan ta.
De likefretter spuit raar guod,
teminsten dêr sjocht hy op del
mei sprate earmen
lykas woed er fleanend fuort,
dat keart lykwols syn fûnemint.
Want yn de fierte hingje dea
syn maten oan de galge, rêst
mar net yn frede;
sa’n bestean wurdt monumint:
memento mori yn dit gea.
|