It wie yn de betide moarn
dat fjouwer fûgels saaiden del
op ’t dûbelljocht by fjouwer banen,
swart wie by de witen net yn tel,
de foarm stie harren ek net oan.
De miuwen kriesden moard en brân,
de moard om ’t swarte fearrepak
en brân fanwege ljochtfersmoarging:
trijedûbelljocht op harren plak,
dy swarten holden soks yn stân.
De ielgoes hearde ’t praat ris oan,
mar hold him op syn wize stil,
geniete dûbel fan ’t lemieren:
’t kleurespul mei wyt en swart yn skril
kontrast, en wjukke nei dy troan.
|