Der is gjin sprake fan in wrâld
dy’t lyts is, mar fan griis tichtby
dêr’t lûden yn fersûpe,
inkeld swart beweecht, is frij
om spoaren nei it read te lûken.
De kosmos draait fier boppe ’t wâld,
mar dize hâldt de hichte tsjin,
gjin blau skynt der trochhinne,
alles liket sûnder sin
wie ’t spoar net sichtber troch de sinne.
De wrâld is lyts, de kosmos âld,
mar as it ljocht de dize tilt
nei hichten dy’t it winne,
dan wurdt grut, swart-wyt it fjild
en is gjin markol mear allinne.
|