Doe’t ik de holle nei it maisfjild draaide,
seach ik oan de râne ’t fûgelfolk
en ’t nôtfjild út ‘e tredde klas
dêr’t swarte krieën boppe saaiden,
’t wie myn tekenfoarbyld
of miskien dochs in Van Gogh.
Ik hearde wer de krieën nei myn krassen,
mar doe woe it net, ik kaam net los,
tefolle streekjes hie it nôt
om my fan ’t swartfolk te ferlossen,
ek fan ’t tekenfoarbyld
en Van Gogh wie doe al kâld.
De tiid ferfleach en ek de fûgels fleagen
fuort, want mais en ik, wy wurde âld
en reitsje by it rypjen los;
no sjoch ik ’t fjild mei oare eagen,
net as tekenfoarbyld,
mar as streekjes fan Van Gogh. |