| Ut it skûtsje-argyf 1998 It wie de dei foar Aldjiersjûndoe’t heech de flammen lôgen
 en ’t fjoer al gau it Snitser dakron fûn,
 it túch dat nea in striid foltôge.
 In twadde túch moast it doe dwaan,dat op it earste like,
 tradysje frege om in kleur te jaan,
 it wite moast foar ’t brune wike.
 De kleur wie goed, mar ’t resultaatkoe lang gjin sprekken lije,
 de coatinglaach hie by it brún gjin baat,
 dat Snits moast op ‘e nij fernije.
 Fan dit ferhaal is de moraal:hâld fjoer en kleur derbûten,
 want wyt spriek earder al in eigen taal,
 yn elke fok past wol in loete.
 
 |