Sa bin ik op ‘en paad
en as de wei ientoanich wurdt,
komt op it langstme nei in krúspunt,
rinnend sjoch ik op ‘e kaart:
de wei fan niget of fan nut?
Mar watfoar wei dan ek,
ik moat wol troch, de krusing oer,
de tiid lûkt my al rinnend fierder,
tusken ús is amper rek
en nut of niget: rêst noch doer.
Sa ûnderweis in boerd
dat skreauwend read wiist op gefaar
fan ’t eigen krusiale krúspunt
mei it brekpunt yn it bloed,
depresjedjip en min it waar.
Mar watfoar krupsje ek,
ik moat wol troch, de krusing oer,
de fyts op foar revalidaasje,
fierder rôlje is’t him krekt
mei eigen hannen oan it stjoer.
|