Hy groeide yn de wâl al krom 
en sakke stadich nei it wetter, 
wist myn tiid is eins wol om, 
wat bliuwt der oer foar letter? 
Hy woe belizze nei de dea 
syn stam en kapitale tûken, 
dat it rendemint, de lea, 
foar ’t minskdom wie te brûken. 
De woartels lieten stadich los, 
hy winske likefolle rêgen, 
want de stam wie net te pas: 
as rendemint gjin brêge. 
Gjin minske dy’t om ’t beamke rout 
dat falt foar kapitale noarmen, 
hy makket sels fan ’t hurdste hout 
ien mei de moaiste foarmen. 
 
  |