Leonardo da Vinci
Mona Lisa, donker is dyn stal,
dyn hier, sa strielje ek dyn eagen,
blierkjend lânskip fan in frou,
noch moaier as it gea syn weagen
achter dy, do skientme fan ’t hielal.
’t Wie Elisabet, se seine Lys,
it slûke hier hong foar dyn eagen,
lizich bûtlân fan in faam,
wat ha se dy de dei troch pleage,
mar do fûnst, se binne lang net wiis.
Mona Lisa fan ús eigen Snits,
gjinien hat noch de Lys foar eagen
bûten elke griene dyk,
hoe’t earder jonges nei dy seagen,
glimkest strieljend om, foar har bist blits.
|