Ut it skûtsje-argyf 1966
It skûtsje lei al yn de Langesleat
te wachtsjen op ‘e start fan wâl,
wylst de bemanning op it foardek stie
mei ’t antlit nei it tastel keard.
‘Op Hoop van Zegen’ sa’t de namme wie,
moast oan ferwachtings wol foldwaan,
in skerpe foto soe fertrouwen jaan,
as ienheid komme ta de die.
In klinkend skot fan ’t dûbelloops gewear
brocht liuw en Brouwers yn it spier,
de liererattel loek it túch omheech,
dêr skeat it skûtsje as in spear.
Mar ’t Hearrenfean lei dwers en hie it dreech,
ek Grou dêrachter kaam net fier,
se klapten opinoar, fuort wie de ear,
de liuw dreau bomend fan de wâl.
’t Begjin wie stadich, klapperjend en mâl,
de striid mei wyn en op ien ear,
de finish sûnder seine, dus gjin sier:
it lêste plak die’t liuwke sear.
|