Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar de sier

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

It is sawat safier:
de float brûst op nei Grou
fan noard en súd, fan west en east,
dat strak stiet al it tou,
ek spand is elke spier.

It giet earst op nei ’t bier:
de skipper as de klant
op freedtejûn yn it kafee
heart nei de pommerant,
in praatsje foar de sier.

Image

Dan komt de pet fan ’t hier
en lûkt de skipper ’t lot
foar Grietmansrak en Langesleat;
de earste waant him god
en kin fuort oan it bier.

Dan is it al safier:
tradysjes libje op,
want fjirtjin farre yn in sleep
mei Snits no noch op kop,
it is mar foar de sier.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum