november 23, 2023
fan ûnbekend*
Rein swalke lang al troch it gea
as foks dy’t skerp de wrâld opnaam
mei eagen dy’t fan alles seagen,
mar foaral it frjemde bistefolk
dat flechte wie foar it geweld
fan wylde dieren yn har eigen gea,
wat Rein de foks mar min útkaam,
omdat it frjemde bistefolk
ôfkaam op huningraten fan de bij,
it swiete miel dat hy ek lekker fûn;
doe liet er yn himsels omgean
dat rjochtsôf foar de mearderheid optelt
nei wat hysels foar eagen hie:
in gea mei ’t eigen folk wie sterk en sûn,
dus gie Rein nei de wylde wolf en bear
en die wyldaardiger as hy ea wie,
sadat dy twa him neier kamen;
mei de sturten heech, de tosken bleat,
sa wie no ienkear har ferwyldere natuer,
begûnen sy deryn te ramen,
dat it frjemde folk, yn bange steat,
wie net by steat om mei te tellen
oant de dei dat boppe ’t rûge gea
in fûgelflecht it folk yn soarten
bystie yn de striid om it bestean,
sjedêr de foks, net mear wyldaardich,
hie de sturt stiif tsjin de poaten.
Yllustraasje ‘Rein de foks’
november 17, 2024
november 10, 2024