Ut it skûtsje-argyf 1983
De reiden kinne it fertelle,
sa’t se steane yn de rêst
en plûmen bûge nei de spegel,
is gjin wynkrêft mear te tellen,
’t liket foar it túch net bêst.
Mar better is ’t foar jonge finten
oan in stieltrie as liaan,
dy’t Tarzans slingeret nei it wetter,
gaadlik foar de moaiste printen:
blanken foar in seil mei taan.
It silen wint it net fan ’t swimmen,
hiel de float leit yn de mar,
ferbrekt de spegel, makket weagen,
giet it oan, dan wurdt it klimmen,
mar it waar bliuwt yn de war.
Hy rikket troch, mar is net dronken,
sa’t in Hollânsk deiblêd meldt,
de hiele float koe doe net starte,
lei yn djippe rûs fersonken,
mar it reid hat oars ferteld.
|