Yn de winter djip ferburgen
ûnder wetter yn it slyk,
hie skynber dea it libben urven
fan de simmerske lyryk.
Yn de maitiid kaam it boppe,
plat as ’t wetter fan de feart,
de simmerpracht wie noch ferstoppe,
hegerop yn lege steat.
Doe’t de wyn loek oan it wetter,
weagen brochten it beweech,
begûn it sels en efkes letter
kaam it griene seil omheech.
Mei de fleugel koe it pronkje,
’t giel stiek boppe winsken út,
it die fan alles foar in gonkje,
mar it joech gjin sier of sprút.
Doe betocht it lilk wer lizzend
in ferbreedzjende taktyk:
de sylpream soe de wedstriid misse,
rekke fêst yn blêd en slyk.
|