Ut it skûtsje-argyf 1982
It wie in spultsje, yn ’t begjin
sawat gjin wyn en yn de rige
mei de rop fan as it kin
wat twirren dy’t der net om lige.
Langwar lei earste, út it sicht
fan konkurrinten oan it wrotten,
want de wyn waard wreed, de plicht
rôp: ‘Wat ferrekt ús wiete fuotten!’
Philips lei lêste, út it sicht
fan hiel de float oan ’t rigesilen
foar de admiraal, de plicht
fan ’t spultsje dat se nidich spilen.
It bleau in spultsje, oant de ein
ta inkeld mar mei romme skoaten:
wa hie ’t wûn, wa wie ferslein?
Gjin kloaten oan, wol wiete poaten!
|